KNMI: net folle rein op Flylân

01 aug 2008 - 21:45

De súdwest-punt fan Flylân heart by de pear plakken yn Nederlân dêr't yn july minder as 75 milimeter reinwetter fallen is. Dat docht bliken út sifers fan it KNMI. Gemiddeld foel der yn july yn Nederlân 111 milimeter reinwetter. Dat is rom fjirtich milimeter mear as gewoanwei.

Yn hast hiel Fryslân foel mear reinwetter as it lanlik gemiddelde. De omkriten fan Dokkum en Balk wienen dêrby de wietste gebieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)