KNMI: koade giel fanwege kâns op tichte mist

17 feb 2015 - 22:33

It KNMI hat foar tiisdeitenacht en woansdeitemoarn koade giel ôfkundige foar it hiele lân. It waarynstitút docht dat omdat der tichte mist ûnstean kin. Troch dy mist kin op plakken it sicht minder wêze as 200 meter. Mear it lân yn kin de mist ek oanfrieze, sadat der glêdens ûntstiet. De mist sil yn de twadde helte fan woansdeitemoarn ferdwine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)