KNMI jout koade giel ôf foar peaskestoarm

27 mrt 2016 - 09:29
  • Stoarm

It KNMI hat foar twadde peaskedei koade giel ôfjûn foar stoarm. Yn it kust- en Waadgebiet wurde swiere wynstjitten ferwachte, by wynkrêft 9, oant wol 100 kilometer yn 'e oere. Piet Paulusma warskôget wettersporters, it ferkear en dielnimmers oan bûteneveneminten foar de hurde wyn. Hy seit: "It wurdt moarn echt rûch waar." De wyn nimt letter yn 'e middei stadichoan ôf.

Foar snein, earste peaskedei, binne gjin warskôgingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)