KNMI ferlinget koade read oant tongersdei 11.00 oere

06 jan 2016 - 22:07
  • Warskôging foar glêdens

It KNMI ferlinget koade read yn alle gefallen oant tongersdeitemoarn 11.00 oere. Woansdeitenacht falle der wer buien mei izel as gefolch en dus gefaar foar it ferkear.

Tongersdeitemiddei is de ferwachting dat it flink reine sil. Benammen oan it begjin fan de buien kin it dan wer sjippeglêd wurde. Om't de ûndergrûn goed kâld is, friest it reinwetter earst oan. Letter sil it iis gau ferdwine, is de ferwachting fan Rykswettersteat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)