KNKB wol sponsoring alle spilers

29 nov 2003 - 00:00

De finansjele problemen foar keatsbûn KNKB binne noch net út de wrâld mei de komst fan de nije haadsponsor De Friesland Bank. De ryksbesuniging fan 80.000 euro hinget it bûn noch altyd boppe de holle.

It keatsbûn wol sponsoring foar de hiele KNKB, dus fan de pupillen oant 'e mei de haadklassespilers. No krije allinich de haadklassers sponsoring. Nije wike praat it bûn mei de bank oer in kontrakt fan 5 oant seis jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)