KNKB wol muorrekeatsen grutter meitsje

09 nov 2014 - 14:56

Ynternasjonale topkeatsers út acht lannen hawwe dit wykein oan de iepen Nederlânske kampioenskippen muorrekeatsen yn Frjentsjer meidien. Der wiene 110 dielnimmers.

It muorrekeatsen is in noch ûnbekende sport yn Nederlân. De sport wurdt allinnich yn Fryslân spile. De KNKB wol dêr yn de takomst feroaring yn bringe. De bûtenlânske muorrekeatsers yn Frjentsjer kamen út België, Ingelân, Kanada en Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)