KNKB: koart pleit min foar de keatssport

15 jul 2015 - 13:07

It koart pleit fan it partoer Willem Heeringa, Wierd Baarda en Douwe Anema tsjin it keatsbûn KNKB is net goed foar de keatssport. Dat seit direkteur Geert Faber fan it KNKB. Neffens it partoer wurdt der mei twa maten metten nei't it partoer dêr't sy op 14 juny yn Minnertsgea tsjin keatsten, net mei goedkarde wanten spile.

De skiedsrjochter woe net dat de wantekommisje nei de wanten seach. Dat hat neffens Faber in fersin west fan de skiedsrjochter, mar hy jout ek oan dat de skiedsrjochter de baas is ûnder in wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)