KNKB en keatsers binne it iens

12 mrt 2014 - 11:38
  • KNKB

It haadbestjoer fan keatsbûn KNKB, de topkeatsers en it keatsteam Puur Passie binne it der oer iens dat FB Oranjewâld de ideale sponsor fan it keatsen is. Dat is de útkomst fan it petear dat ôfrûne sneon tusken alle partijen plakfûn hat. Ferline wike makke FB Oranjewâld bekend dat se har weromlutsen as haadsponsor fan 'e KNKB. FB Oranjewâld hie syn nocht dat keatsers drigen mei in boykot en dat keatsteam Puur Passie him bemuoide mei de kontraktûnderhannelings. Alle kikkerts binne no wer yn de kroade.

Alle partijen roppe FB Oranjewâld op om dochs de nije haadsponsor te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)