KNKB bliuwt by wantesysteem

27 feb 2014 - 17:12
  • KNKB

De KNKB feroaret it lisinsjebelied foar it meitsjen fan offisjele keatswanten foarearst net. Dat lit it bestjoer witte nei oanlieding fan it skeel mei keatser Cornelis Terpstra. Dy hat in advokaat yn de earm naam om te sjen oft hy op juridyske grûn dochs keatswanten meitsje kin, dy't brûkt wurde meie by offisjele keatswedstriden.

It haadbestjoer fan it keatsbûn sil it belied foar it oanwizen fan lisinsjehâlders op langere termyn wol oanpasse. Oer twa jier wol it bûn mear frijemerkfoarming ta litte.

Hoe't dy frije merk der krekt útsjen sil, wit de KNKB noch net. Se tinke oan it tastean fan ien of twa ekstra lisinsjehâlders dy't sertifisearre keatswanten meitsje meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)