Knipperljocht net sichtber, botsing troch ôfslaande trekker

20 okt 2015 - 11:31

Op de Simmerwei by Burgum is tiisdeitemoarn in auto tsjin in beam botst. De bestjoerder moast útwike foar in trekker dy't ôfsloech. De automobilist ried achter de trekker. Hy of sy hie net yn de gaten dat de trekker fan rjochting feroare. It knipperljocht wie net te sjen, want der siet in masine foar dy't achter de trekker hong. Op de masine sels siet gjin ferljochting.

De bestjoerder kaam mei de skrik frij. De auto hie grutte skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)