Kninen pleagje fuotbalferiening

15 mrt 2006 - 10:10

Fuotbalferiening BCV yn Burgum hat lest fan kninen dy't it fjild omdolle. De gemeente hat om 'e nocht besocht se te fangen. In fergunning om de bisten ôf te sjitten komt der net, omdat it fjild yn 'e beboude kom leit. De gemeente sil no besykje mei fretten de bisten yn in net te krijen.

Yn ien fan de fjilden sieten fan 't wykein mear as sechstich gatten. Foar elke wedstriid moatte dy tichtmakke wurde en dat is in soad wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)