Kninen bestride mei fretten

10 jan 2003 - 00:00

De kninepleach op it begraafplak fan Wolvegea wurdt meikoarten op in hiel byûndere wize oanpakt. Fretten wurde yn stelling brocht om de kninen yn 'e hoalen op te jeien sadat se better te fangen binne.

De gemeente Weststellingwerf hat nei twa kear earder freegjen no dochs tastimming krige foar dizze metoade. Reden fan it ministearje fan Lânbou en Natuer om dochs oerstach te gean, is dat der hieltyd mear kninen komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)