Knibbelblessuere Gouweleeuw

09 apr 2012 - 17:15

Hearrenfean-spiler Jeffrey Gouweleeuw hat snein op de training in knibbelblessuere oprûn. "Het was knie op knie, vandaar dat we hem vandaag even rust geven," sa seit trainer Ron Jans. De ferwachting is wol dat Gouweleeuw woansdeitejûn yn de topper tsjin Ajax meidwaan kin. Daryl Janmaat is der dy wedstriid net by. Janmaat waard ferline wike operearre oan syn knibbel en it is noch mar de fraach oft hy dit seizoen noch wol spilet. Syn plak wurdt ynnaam troch Doke Schmidt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)