Knibbelblessuere Erik Bakker

12 jan 2012 - 12:50
  • SC Cambuur

Cambuurmiddenfjilder Erik Bakker mist it begjin fan de twadde kompetysjehelte fanwege in knibbelblessuere. Cambuur spilet freed de útwedstriid tsjin Fortuna Sittard. Robert van Boxel krige op de lêste training hinder fan in hamstring. It is noch net dúdlik oft er ek spylje kin. Van Boxel hat wol in kontrakt foar de rest fan it seizoen tekene by Cambuur. Fierders is de seleksje fit. Mark de Vries hat nei in grypoanfal dizze wike ek goed meitraind.

Cambuur rydt freed al om njoggen oere nei it suden fan it lân. Underweis wurdt in hotel oandien dêr't de spilers ite en rêste kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)