Knegt yn kwartfinale op EK

17 jan 2009 - 15:31

Shorttracker Sjinkie_Knegt stiet sneontejûn op it Europeesk Kampioenskip shorttrack yn Turijn yn de kwartfinale op de 500 meter. Hy helle sneon in twadde plak achter de regearjend Europeesk kampioen Silovs, dy't ek it algemien klassemint oanfiert.

Daan Breeuwsma einige fjirde en lêste yn syn heat en kwalifisearre him dêrtroch net. Troch by de earste trije te riden, kin Knegt in Olympyske nominaasje helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)