Knegt wint 1500m op NK

05 feb 2011 - 17:52
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt fan Bantegea hat sneon de 1500 meter op it NK Shorttrack wûn. Op iisbaan Kardinge yn Grins wie de Fryske shorttracker earder oer de streek as Freek van der Wart en Niels Kerstholt. Daan Breeuwsma út Aldeboarn waard fjirde.

Der wie boppedat in bysûndere prestaasje fan de 16-jierrige Ithzak de Laat, dy't fiifde waard yn de finale. Ithzak helle foar syn klup Trias Ljouwert de finale, nei in sterke foarronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)