Knegt útskeakele op 1000 meter

21 feb 2010 - 04:54

Shorttracker Sjinkie Knegt is yn Vancouver yn de kwartfinales fan de 1000 meter útskeakele. De Bantegeaster moast by de earste twa einigje, mar kaam net fierder as it tredde plak efter de Súd-Koreaan Lee Jung-su en de Sinees Han Liajang.

Knegt bleau de Frânsman Thibaut Fauconnet krekt foar. De regearjend Europeesk kampioen Nicola Rodigari waard diskwalifisearre. De earste twa fan de fjouwer searjes pleatsten har foar de heale finales.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)