Knegt tredde op NK shorttrack

06 jan 2013 - 16:05
  • Sjinkie Knegt
  • Daan Breeuwsma

Shorttracker Sjinkie Knegt is tredde wurden by it NK shorttrack yn Amsterdam. De reedrider fan Bantegea moast tasjen hoe't Niels Kerstholt op alle fjouwer ôfstannen de rapste wie. Knegt kaam yn Amsterdam net fierder as trije kear brûns op de 1500, 1000 en 500 meter. Op de 3000 meter einige Knegt as 6e.

Daan Breeuwsma fan Aldeboarn pakte it sulver op de 500 meter, waard 4e op de 1000 meter, mar kaam op de superfinale net mear yn aksje om't er te bot lêst hie fan syn knibbel. Breeuwsma einiget yn it einklassemint as 4e.

Itzhak de Laat fan Ljouwert ried in teloarstellend NK. De Ljouwerter kaam net fierder as in njoggende plak yn it einklassemint.

By de froulju wie Jorien ter Mors út Enschede, al jierren wenjend op It Hearrenfean, oppermachtich. Lykas Kerstholt wie ek Ter Mors op alle fjouwer de ôfstannen de bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)