Knegt pakt sulver op relay

10 feb 2013 - 17:31
  • Sjinkie Knegt

Yn in spannende finale hat Sjinkie Knegt snein mei de Nederlânske shorttrackmanlju in sulveren medalje pakt op de ploege-ôflossing by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Dresden. Mei pine en muoite wist Knegt oerein te bliuwen doe't in rider fan de Sineeske ploech 10 rûntsjes foar de ein ûnderút gong.

De winst gong úteinlik nei Koreä, dat ek it einklassemint wûn. It Nederlânske kwartet einige yn de einstân op it twadde plak, folge troch Ruslân.

By de froulju pakte it Nederlânske team ferrassend it goud. Yn de finale stie it fjouwertal tsjinoer de grutmachten Sina, Kanada en Koreä. De earste beide gongen yn de felle striid ûnderút, Koreä rûn tsjin in diskwalifikaasje oan. Dêrtroch krigen de Nederlânske froulju it goud kado. De ploech einige troch de winst as sechsde yn it einklassemint. Dat is genôch foar kwalifikaasje foar it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)