Knegt pakt dochs noch brûns

19 jan 2014 - 18:09

Shorttracker Sjinkie Knegt is snein tredde wurden op it EK shorttrack yn Dresden. Knegt herpakte him goed nei de teloarstellende heale finale fan de 1000 meter wêrop er ûnderút gong. Yn de superfinale einige de Bantegeaster as twadde achter de Rus Victor An.

An waard ek Europeesk kampioen en nimt de titel oer fan Freek van der Wart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)