Knegt kampioen shorttrack

06 feb 2011 - 15:56
  • Sjinkie Knegt (foto: Sportfoto.nl)

Sjinkie Knegt is foar it earst yn syn karriêre Nederlânsk kampioen shorttrack wurden. Yn Grins moast de Bantegeaster yn de ôfslutende finale oer 3000 meter fiif punten goedmeitsje op fjouwerfâldich kampioen Kerstholt. Dat slagge, mar Knegt wûn de 3 km net. Dat die wol Ithzak de Laat, it 16-jierrige talint fan Trias Ljouwert. Troch dy winst waard De Laat achter Knegt, Niels Kerstholt en Freek van der Wart fjirde. Daan Breeuwsma fan Aldeboarn waard fiifde yn de einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)