Knegt fyfde op 1000 meter

10 nov 2013 - 15:52
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt is snein fyfde wurden op de 1000 meter by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Turijn. Knegt einige as tredde yn de heale finale en moast dêrtroch genoegen nimme mei in plak yn de B-finale. Dy wist er mei oermacht te winnen troch yn de lêste ronde op spektakulêre wize fan it fjirde plak te demarrearjen nei de kopposysje.

Daan Breeuwsma einige as trettjinde op de 1000 meter. Breeuwsma strâne yn de kwartfinales. De rider fan Aldeboarn kaam as fjirde oer de finish en wist him net te kwalifisearjen foar de heale finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)