Knegt is Europeeske titel kwyt

20 jan 2013 - 16:27
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt is snein syn Europeeske titel kwytrekke oan Freek van der Wart. Op it EK yn it Sweedske Malmö kaam de Bantegeaster op de ôfslutende superfinale, de 3000 meter, as twadde oer de streek, efter Van der Wart dy't de nije kampioen is.

Mei de winst freed op de 1500 meter en it sulver sneon op de 500 meter stie Knegt foar de start fan de slotôfstân 5 punten boppe Van der Wart. De Voorburger pakte mei de winst op de 3000 meter lykwols genôch punten om it einklassemint te winnen. De Rus Vladimir Grigorev einige as tredde.

Foar it EK hie Knegt lange tiid lêst fan ûnferklearbere wurgens, dêr't er net krekt de finger op lizze koe. Dochs wie er yn Malmö ek dit jier opnij de grutte favoryt foar de titel. Snein komt Knegt noch wol yn aksje mei de Nederlânske ploech op de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)