Knegt bestraft op 1000 meter

Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea koe op de twadde dei fan de wrâldbekerfinale shorttrack yn Dordrecht net stunte op syn 1000 meter. Hy krige in tiidstraf yn de kwartfinale doe't de Kanadees Olivier Jean him ynhelje soe. Knegt hindere him wêrtroch de Kanadees ûnderút gong. Troch de straf einiget Knegt op in teloarstellend achttjinde plak.

Ek Daan Breeuwsma fan Aldeboarn slagge der net yn om in startplak te pakken foar de wrâldbekerfinale. Yn de herkânsing op de 500 meter kaam Breeuwsma as twadde oer de streek.

Net genôch om him te pleatsen foar de kwartfinale fan it haadtoernoai. Yn de beslissende rit ried Breeuwsma lang foarop, mar waard yn it lêste rûntsje ynhelle troch de Dútser Paul Herman. Sneintemiddei stiet it ûnderdiel relay op it programma. Sawol de manljus- as de frouljusploech is by dit ûnderdiel favoryt foar de oerwinning.


Besjoch ek...

29 mrt 2012 - 19:55
16 mrt 2012 - 09:35
11 mrt 2012 - 11:11
10 mrt 2012 - 14:49
9 mrt 2012 - 12:17

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.