Knegt begjint EK mei goud

18 jan 2013 - 19:35
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt is op it Europeesk kampioenskip yn it Sweedske Malmö goed begûn. De earste ôfstân, de 1500 meter, waard troch de regearend Europeesk kampioen út Bantegea wûn. Op 'e streek wie Knegt sechstjintûzenste rapper as syn ploechmaat Niels Kerstholt. Freek van der Wart waard fjirde.

Knegt wie nei ôfrin optein oer it resultaat, omdat de foarm der de lêste tiid net wie. "Yn de finale ha ik lang op posysje trije en fjouwer riden. Mei noch trije rûntsjes ha 'k gas jûn en myn kâns pakt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)