Knegt 10e op 1000 meter

01 des 2012 - 17:51
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt fan Bantegea is sneon as 10e einige op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Nagoya. Yn de kwartfinale fan de 1000 meter kaam de regearjend Europeesk kampioen krekt te koart om it wrâldkampioen Yoon-Gy Kwak út Koreä en de Kanadees Michael Gilday muoilik te meitsjen. Knegt kaam as tredde oer de streek en pleatste him net foar de heale finales.

Mei Niels Kerstholt, Christiaan Bökkerink en Freek van der Wart stiet Knegt dit wykein al oan de start by de finale fan it ûnderdiel ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)