Knappe winst foar Aris

26 okt 2003 - 00:00

De basketballers fan it Ljouwerter Aris wûnen sneon yn in thriller mei 80-78 fan Eiffel Towers út Nijmegen. It wie in knappe oerwinning, om't de Towers mei mar leafst fjouwer earedivyzjespilers nei de Fryske haadstêd ôfset wiene.

Aris rekke earst fier achter, mar koe dat nei de rêst goedmeitsje. De Ljouwerters bliuwe dêrtroch op kop stean yn 'e promoasjedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)