Knappe winst Cambuur

12 mrt 2005 - 00:00

Cambuur hat freed yn Swolle mei 0-3 fan de pleatslike fuotbalclub wûn. In moai resultaat foar de Ljouwerters, dy't goede saken diene foar de tredde perioade. Cambuur hat noch altiten kâns op winst yn dy perioade, om't konkurrinten Heracles en Dordrecht ferlearen.

Cambuur spile tige goed en hie it ûnferwacht maklik yn Swolle. Foar de Ljouwerters skoarden Zimmermann, Pique en Houwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)