Knappe tiidrit Pieter Weening

30 apr 2010 - 20:08

Pieter Weening hat him yn de tredde etappe fan de Ronde fan Romandië, in tiidrit oer 23,4 kilometer, goed sjen litten. Pieter wie de bêste Nederlanner op it 26ste plak. Hy die der 1 minút en 32 sekonden langer oer as de net ferwachte winner Richie Porte fan Australië. Yn it klassemint stiet Weening op it 27ste plak.

Der komme no noch twa berchritten yn Switserlân, mar Pieter Weening liket klear foar de Ronde fan Italië. De Giro begjint op snein 8 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)