Knappe oerwinning SC Cambuur

21 sep 2012 - 23:18

Sportklup Cambuur hat thús op knappe wize wûn fan kampioenskandidaat Sparta. In 2-0 achterstân by it skoft waard ombûgd yn in 3-2 oerwinning. Cambuur begûn aardich mei in kâns foar Oebele Schokker, mar dêrnei lieten de Ljouwerters Sparta yn de wedstriid komme. Fia Donovan Deekman en Iliass Bel Hassani skoarden de Rotterdammers twa kear.

De twadde helte brocht Michiel Hemmen mei twa prima goals de stân wer yn it lykwicht. Marco van der Heide bekroande dêrnei in poerbêste ynfalbeurt mei de winnende goal.

Troch de oerwinning klimt Cambuur nei it tredde plak op de ranglist. De ploech hat trije punten achterstân op koprinner Helmond Sport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)