Knap lykspul foar SC Cambuur

24 aug 2009 - 23:53
  • Leon Hese krige read

SC_Cambuur hat yn de útwedstriid tsjin Volendam mei 2-2 lyk spile. Volendam kaam yn de 22e minút op foarsprong troch in penalty fan De Lange. Hese krige de reade kaart nei in oertreding yn it strafskopgebiet.

Yn 'e twadde helte kaam Volendam op 2-0, troch al wer in penalty fan De Lange. Flot dêrnei kaam Cambuur werom troch in goal fan Maachi. Oguzhan Türk makke yn de 82e minút de lykmakker. Cambuur wie mei tsien man net de mindere fan Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)