Knap lykspul Cambuur tsjin NEC

17 jul 2012 - 23:35
  • Cambuur shirt

Sportklup Cambuur hat yn de earste echte test fan de tarieding mei 1-1 lykspile tsjin NEC. De Ljouwerters hiene it bettere fan it spul en krigen ek de bêste en measte kânsen. Cambuur kaam yn de twadde helte op in 1-0 foarsprong. Op oanjaan fan Oebele Schokker koe Martijn Barto binnentikje.

NEC hie in strafskop nedich om te skoaren. Amper fiif minuten nei de goal fan Cambuur skeat Ryan Koolwijk fan 11 meter binnen. Yn de lêste minút hie Frits Dantuma de winnende Cambuur-goal noch meitsje kind, mar hy mikte foar iepen goal te heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)