Knap 2e plak foar Durk Fabriek

03 jan 2009 - 22:36

Maratonrider Durk_Fabriek fan Haulerwyk is sneon kreas twadde wurden yn de 10e wedstriid om de Essent-Cup yn Assen. It wie syn bêste prestaasje ea op in maraton. Tegearre mei Shane_Dobbin út Nij-Seelân helle Fabriek it peloton in rûntsje yn. Oan de ein naaide Dobbin der nochris tuskenút en dat wie Fabriek krekt te machtich.

Bob_de_Vries fan De Haule waard fjirde en bliuwt de lieder yn it klassemint om de Essent Cup. Hy hat 19 punten foarsprong op Cedric_Michaud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)