'Knalmystearje' Drachten oplost

04 apr 2003 - 00:00

De mysterieuze knal dy't tongersdei yn Drachten en omkriten te hearren wie, is feroarsake troch in F16 dy't troch de lûdsbarriêre gie. It fleantúch kaam fan 'e fleanbasis Ljouwert en die loftferdigeningsoefeningen yn 'e omkriten fan Drachten. Earder ûntkende de fleanbasis noch dat it in F16 fan Ljouwert wie.

Boppe lân troch de lûdsbarriêre fleane is ferbean. It ynsidint wurdt dêrom ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)