Knalle mei in buis yn De Falom

01 jan 2004 - 00:00

Better, moaier en fral ek lûder as karbid. Dat wie te sjen en te hearren yn De Falom. Oan in kanon gelyk sa wie it bouwurk dat der yn de Aldjiersnacht stie.

In buis fan seis meter lang, fan rustfrijstaal, stie oan de râne fan it doarp opsteld. Dêryn waard gas mei suerstof brocht. Nei ferwaarming joech dat in hiele lûde knal. Moai boartersguod en neffens de útfiners ek feiliger as karbidsjitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)