Knal by Ljouwert wie fan F-16

20 jan 2004 - 00:00

In F-16 fan de fleanbasis Volkel is moandeitejûn yn de omkriten fan Ljouwert troch de lûdsbarriêre flein. Dat barde om 20.45 oere. De F-16 wie op dat stuit dwaande mei in oefening boppe lân. Dêrby is it net gebrûklik dat it fleantúch troch de lûdsbarriêre brekt.

De knal dy't dat meibrocht, koe goed heard wurde yn Ljouwert, Menaam en Frjentsjer. By de fleanbasis binne ferskate klachten binnenkommen. Der is gjin skea ûntstien troch de knal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)