Knaap te hurd mei speedboat

03 aug 2011 - 11:09

In 19-jierrige speedboatskipper út Warten is tiisdeitemiddei bekeurd om't de man fierstente hurd en gefaarlik fear. De man stode nei ôfrin fan it skûtsjesilen by Earnewâld fol gas troch de Fokkesleat. Dêrby fear er hast oer twa bern yn in boatsje hinne. De man hie ek gjin farbewiis.

By it tafersjoch op it wetter binne tiisdei, ferspraat oer de provinsje, tsien skippers bekeurd foar te hurd farren of foar farren mei drank op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)