KMA wol útstel betelling

31 jan 2003 - 00:00

Konfeksjebedriuw en seilmakkerij KMA fan Wommels hat útstel fan betelling oanfrege. It bedriuw sit yn swier waar troch de besunigings by it ministearje fan definsje, in grutte klant.

KMA makket ûnder mear tinten en kûgelwerende matten foar definsje. By KMA wurkje op dit stuit sa'n tritich minsken. Sy sieten ôfrûne wike al thús. Twa jier lyn hie KMA noch tachtich minsken yn tsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)