Kluswykein by havenferiening

09 mrt 2008 - 12:22
  • De leden by de nije flagge (foto: Lenus van der Broek)

Fan takom wykein ôf wurde yn Fryslân wer de brêgen en sluzen betsjinne. Dat it foar in soad wettersporters it sein dat it nije wettersportseizoen fan start giet. By de havenferiening De Blessebrug by de Linde yn Wolvegea gong it seizoen sneon fan start mei it tradisjonele kluswykein.

Mei feriene krêften is it haventerrein opknapt en binne alle foarsjennings wer ree makke foar it nije seizoen. De nije flagge waard sneon ek hise.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)