Klûs út restaurant stellen

18 feb 2008 - 10:37

By in Sineesk restaurant yn Harns is sneintemiddei in klûs stellen. De dieders binne nei alle gedachten mei in falske kaai deryn kaam troch in syddoar. Yn 'e klûs siet in pear tûzen euro. De ynbraak moat tusken healwei seizen en healwei sânen west hawwe.

De plysje siket minsken dy't sjoen hawwe dat op 'e Grutte Breedeplaats of de Suderhaven troch minsken omsjoud is mei in klûs. Dy is swier en krêmkleurich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)