Klûs net bestand tsjin brân

07 sep 2006 - 09:35

Juwelier Theo Copini fan Bilgaard hat woansdei foar it earst sûnt de brân yn it Ljouwerter winkelsintrum wer yn syn klûs sjen kind. Hy wie benijd oft de hannelsfoarrie en de sieraden dy't dêr foar reparaasje yn leine, sparre bleaun wiene.

Dat foel net ta. Gouden horloazjes binne raand en in pear ringen stikken sprongen. De temperatuer yn de klûs moat hiel heech west ha. Alle sieraden binne dêrom ûnferkeapber wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)