Klûs It Houtsje stellen

07 jul 2014 - 19:12
  • Kafee It Houtsje op It Hearrenfean

Yn kafee It Houtsje op It Hearrenfean is sneintenacht ynbrutsen. De dieven binne útnaaid mei de klûs. Dêr siet de opbringst fan de jûns dêrfoar yn, doe't it kafee fol siet mei besikers dy't de fuotbalwedstriid Nederlân-Kosta Rika seagen. De dieven koene de klûs net iepen krije en hawwe him út de muorre brutsen. Mei help fan in ôffalkontener hawwe se de klûs meinaam. Dêrneist hawwe de ynbrekkers de gokkasten iepenbrutsen en jild meinaam. De skea is grut.

Der binne kamerabylden fan de dieders, dy't troch de plysje ûndersocht wurde. De plysje siket tsjûgen. Mooglik hawwe minsken de waarm oanklaaide en maskere dieven tusken 3 en 5 oere dy nachts sjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)