Klup Tall Ship Races nei Harns

19 jan 2011 - 14:05

De organisaasje fan de Tall Ship Races komt nije wike nei Harns. Yn dat plak is yn 2014 de start fan de race mei grutte sylboaten.

Ek fertsjintwurdigers fan de trije oare stêden dy't by de races belutsen binne, komme nei Harns. Dat binne Bergen, Frederikstad en Esbjerg. De fjouwer stêden sille by de besite oerlizze oer hoe't se de races ta in sukses meitsje kinne. Ek krije se in rûnlieding yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)