Klup en skoalle yn aksje foar famylje Nazan

28 maaie 2015 - 16:47
  • Aksje op skoalle foar Nazan
  • Mem Nazan, earder by de aksje fan SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean freget syn supporters jûn yn de 14e minút fan de wedstryd tsjin Vitesse stean te gean. It giet om in aksje foar de Armeenske Nazan en har gesin. Sy binne al 14 jier yn Nederlân, mar driigje útset te wurden. De klup fiert de aksje omdat Nazan al in tal jierren aktyf is foar Hearrenfean. De klup hat earder de polityk ek oproppen om yn aksje te kommen.

Tongersdei waard der op it Friesland College op It Hearrenfean ek aksje fierd foar Soeren, de soan fan Nazan. Krekt as de fuotbalklup fine sy ek dat it gesin bliuwe moat.

Learlingen en dosinten koene filmkes opnimme dy't dan letter op de facebookpagina fan de aksjegroep 'Nazan moet blijven' komme te stean. Soan Soeren helpt by de lessen op it Friesland College. Yn in oere tiid hawwe goed 50 learlingen en dosinten in filmke opnaam om de famylje te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)