Kluitman út Kameleondoarp wei

06 jul 2004 - 09:02

Utjouwerij Kluitman út Alkmaar lûkt him werom as finansier út it Kameleondoarp Terherne. Kluitman sjocht it doarp net as haadaktiviteit en wol him wer rjochtsje op it útjaan fan boeken.

De útjouwerij is ûnder mear eigner fan de pleats, de lisboksstâl en it hiem dêr omhinne. Neffens direkteur Stedehouwer hat Kluitman in wichtige rol spile as finansier. It fuortgean komt lykwols net as in ferrassing. De útjouwer bliuwt belutsen by it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)