Klopstra seis kear Ned. kampioen

22 nov 2003 - 00:00

Nynke Klopstra is sneon by de Nederlânske Kampioenskippen judo yn Amsterdam kampioen wurden yn de klasse oant 48 kilo. De âld-ynwenster fan Gytsjerk wûn de titel foar de sechde kear op rige, en dat is in unikum.

Yn deselde klasse wie der in ferrassend fjirde plak foar de 13-jierrige Jennifer Wigchers fan Burgum. Sy ferlear yn de heale finale fan har idoal Nynke Klopstra. Der wiene seis Fryske dielnimsters oan it NK judo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)