Klopjacht op plofkreakers

03 jun 2014 - 09:34
  • De plysje siket ek tusken de tinten op kemping De Tsjûkemar yn Reahel
  • De ME en in helikopter dogge ek mei oan de klopjacht op de plofkreakers
  • De flechtauto waard oantroffen yn in sleat by in kemping
  • De automaat is ûndersocht op eksplosiven

De plysje hat de flechtauto fûn, dy't brûkt is by de plofkreak op De Jouwer. De auto waard oantroffen yn in sleat by Reahel. De plysje hat in grutte sykaksje opset, omdat se tinke dat de dieders noch yn de buert binne. It gebiet om Reahel hinne is ôfset troch de plysje. Der is ûnder oare in helikopter en in boat ynsetten.

De plofkreak wie fannacht op in pinautomaat oan de Geert Knolwei. De dieders naaiden dêrnei út yn in auto. By de achterfolging ramden de plofkreakers de plysjeauto. De plysje hat in pear kear sketten op de dieders.

Boargers binne oproppen fia Boargernet oproppen om út te sjen nei twa blanke mannen fan tusken de 30 en 40 jier. De iene fertochte hat in wyt shirt en in swarte broek oan, de twadde fertochte blauwe klean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)