Kloosterman fallyt ferklearre

05 jan 2007 - 12:14

Tachtich minsken by Kloosterman op It_Hearrenfean lykje har baan kwyt te reitsjen. De rjochter hat it bedriuw yn geveltechnyk tongersdei fallyt ferklearre. Neffens FNV-bestjoerder Van_Dijk is wanbelied de oarsaak fan in ûnhâldbere sitewaasje.

It bedriuw makket aluminium kezinen en heart by de bêsten yn Nederlân. De kurator hat goede hoop op in trochstart. Hy siket no ien dy't de saak mei personiel oerkeapje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)