Kloosterboer nei Nederlânsk roeibûn

17 nov 2011 - 11:45

Tjaard Kloosterboer fan It Hearrenfean is mei yngong fan 18 novimber beneamd as ynterim direkteur fan it Nederlânske roeibûn. It is de bedoeling dat er oanbliuwt oant it roeibûn in nije direkteur fûn hat. Kloosterboer is lanlik foaral bekend as coach fan reedrydster Yvonne van Gennip dy't yn 1988 trije kear goud helle op de Olympyske Spelen van Calgary.

Oant 2010 wie Kloosterboer direkteur fan het Huis voor de Sport yn Grins. Yn syn nije funksje krijt er ek roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap ûnder him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)