Klompmakkerij en klompemuseum Scherjon wer iepen

15 apr 2015 - 14:44

Nei in grutte ferbouwing wurdt yn Noardburgum woansdei de klompmakkerij fan Scherjon wer iepene. Njonken de klompmakkerij sit ek it klompemuseum. Dêrwei kinne besikers no ek sjen hoe't de klompen makke wurde. Dat koe earder net altyd, omdat it te gefaarlik wie om mei in protte minsken tagelyk by de masines te stean.

No binne der grutte ruten kaam sadat elkenien sjen kin hoe't de klompen makke wurde. It museum is wichtich foar de klompmakkerij, seit eigener Hannes Scherjon. De offisjele iepening wurdt dien troch Jannewietske de Vries.

It kommende wykein giet de klompmakkerij wer iepen foar it grutte publyk. Dan binne der ek demonstraasjes houtsnijen en klompmeitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)